Brantsjestokers yn Snits

20 mrt 2011 - 13:59

By in skoalle oan de Molenkrite yn Snits is sneon in ôffalkontener yn 'e brân stutsen. De brân drige oer te slaan nei de skoalle, mar de brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De kontener en de skoalle rûnen wol skea op, ûnder oaren oan it dak en inkele ruten.

Ut ûndersyk die al gau bliken dat de brân oanstutsen wie troch twa jonges fan 14 en 16 jier út Snits. Se moatte har ynkoarten op it plysjeburo ferantwurdzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)