Brantsjestokers naaie út

19 okt 2009 - 10:10

De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei in brân sneintejûn ûnder de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. In groepke jongeren hie guod yn de brân stutsen. Doe't de plysje op it plak oankaam naaide de jeugd út. De brân wie sa grut dat de brânwacht derby komme moast.

By de flecht fan de jongeren binne wol in tal fytsen achterbleaun. De plysje hat dy meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)