Brantsjes op De Jouwer, De Haule en yn Eastermar

20 mrt 2016 - 08:10
  • Kafee 'Tante Nel' moast ûntromme wurde fanwege in skoarstienbrân

De brânwacht moast sneontejûn yn aksje komme foar in bûtenbrantsje oan de Bouwen op De Jouwer. Achter it hûs wie in bult ôffal yn de brân rekke, it fjoer koe mei ien hegedrukstraal blusd wurde.

Yn Eastermar ûntstie brân yn in hok achter in hûs oan de Teije Tolstrjitte, de brânwacht hat it fjoer útmakke.

En yn kafee 'Tante Nel' op De Haule ûnstie in soad reekûntwikkeling troch in skoarstienbrân. De kafeebesikers moasten allegear nei bûten ta, der rekke nimmen ferwûne. De brânwacht hat it fjoer blust en de skoarstien reage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)