Brantsje yn kas Goutum

15 feb 2007 - 20:21

Der hat tongersdei brân west yn it âlde kassekompleks oan de Lykwei yn Goutum. De brân ûntstie om in oere as fjouwer, wêrtroch is net bekend. De brânwacht hie it fjoer gau út.

Der is mooglik asbest ferwurke yn it kasse-kompleks, mar de brân wie yn in part fan de kas wêrfan't net te sjen is oft der asbest ynsit. De brânwacht hat yn de omjouwing noch socht nei spoaren fan asbest, mar hat neat fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)