Brantsje yn bus mei pasjinten

04 jun 2010 - 16:24
  • Foto's: Omrop Fryslân

In groep pasjinten en fersoargers fan ferpleechhûs Borniaherne fan Ljouwert is strâne op de A32 tusken It Hearrenfean en Akkrum. Oarsaak wie in brantsje oan board. De pasjinten wiene ûnderweis nei hûs ta fan fakânsje.

De pasjinten hawwe in protte help nedich. Op de fakânsje moasten bygelyks spesjale tilliften, ekstra suerstof en spesjale matrassen mei. It is in hiele toer om de bewenners út de bus te krijen. De plysje helpt mei om de minsker derút te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)