Brantsje yn bult ôffal op yndustryterrein yn Dokkum

15 sep 2015 - 16:05
  • De brânwacht blust de brân op yndustryterrein Hegediken
  • De brânwacht koe foarkomme dat de brân oersloech nei de loads
  • Oer de oarsaak is noch neat bekend

De brânwacht yn Dokkum waard tiisdeitemiddei oproppen foar in brantsje yn in bult mei ôffal op yndustryterrein Hegediken. De bult ôffal lei tsjin in loads oan, mar de brânwacht koe foarkomme dat de brân oersloech nei dy loads.

Der rekke nimmen ferwûne by de brân. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)