Brantsje troch fergetten kears

04 des 2012 - 10:36

In 82-jierrige frou út Ljouwert moast moandeitenacht nei it sikehûs neidat der brân úbrutsen wie yn har wenning oan de Hobbemastrjitte. De bewenster hie reek binnenkrigen. It fjoer ûntstie om twa oere hinne, nei alle gedachten trochdat de bewenster in kears baarnen litten hie.

Twa oare bewenners krigen ek reek binnen. Sy binne troch ambulânsepersoniel ûndersocht en hoegden net nei it sikehûs. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De wenning hat reek- en wetterskea oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)