Brantsje by REC yn Harns

08 mrt 2011 - 10:06

Yn de ôffalferbaarningsoven yn Harns hat moandeitejûn in brantsje west. Op dat stuit waard grof húshâldlik ôffal shreddere en dêrby kamen fonken frij. Doe ûntsie brân. Meiwurkers fan de REC hawwe it sels blust. De brânwacht hat mei waarmtekamera's kontrolearre oft der noch wat broeide. Dat wie net sa.

Yn de fergunning stiet dat it ôffal net langer as fjouwer dagen by de REC lizze mei fanwege kâns op broei. Dat ôffal lei der langer, mar neffens Omrin kaam dizze brân net troch broei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)