Brantsje op Piter Jelles Nijlân

23 maaie 2006 - 16:51

De lokaasje fan skoalmienskip Piter Jelles Nijlân yn Ljouwert is tiisdei oan it begjin fan de middei ûntromme om't der in lytse brân wie. De brân wie ûntstien yn de smookromte. Alle learlingen hawwe sûnder problemen it skoalgebou ferlitten. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrole.

Der is wol in soad reekskea. In part fan de learlingen hat foar de rest fan de dei frijkrigen om't der net genôch lokalen beskikber binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)