Brantsje by natuermuseum Dokkum

26 jun 2006 - 09:52

Sneintemoarn betiid bruts der brân út by it Dokkumer Natuermuseum. In foarbijgonger seach dat twa konteners njonken it museum yn 'e brân stiene en belle de brânwacht. It yngripen fan 'e brânwacht koe foarkomme dat it museum sels ek yn 'e brân fleach.

De skea bleau no beheind oant ien grut kezyn. Fierder wie der lichte skea troch wetter en reek. As de brânwacht wat letter west hie dan wie it museum sels nei alle gedachten ek ôfbaarnd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)