Brantsje by bedriuw Sint Jabik

10 aug 2012 - 11:28

Freedtemoarn is der in lyts brantsje útbrutsen by masinefabryk Meijer Plaatbewerking oan de Aldebiltdyk yn Sint Jabik. It gie om in brantsje yn de ôfsûchynstallaasje. De brânwacht is mei twa teams útrukt en krige it fjoer al gau kontrôle te krijen.

Der wie stof yn de ôfsûchynstallaazje yn brân rekke. De brânwacht krige it fjoer gau út en dêrtroch ûntstie der hast gjin skea. Freedtemiddei koe by Meijer al wer gewoan trochwurke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)