Brantgum op de skeppe

14 nov 2007 - 10:18

De dyk troch Brantgum wurdt oanpast. De rydbaan troch it doarp wurdt in stikje ferlein en der komme lytse bochten yn om de snelheid út it ferkear te heljen. Ek komme der dykfersmellingen.

De beboude kom fan Brantgum giet fierder ek op de skep. Sa komme der parkearfakken en beammen en in asfaltpleintsje foar de tsjerke. It wurk begjint moandei. It ferkear wurdt omlaat as dat nedich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)