Brânstofkontrôle by trekkertocht

21 maaie 2006 - 13:11

Dielnimmers fan de trekker- alvestêdetocht op 9 en 10 juny moatte der rekken mei hâlde dat de dûane brânstofkontrôles útfiere kin. Dat skriuwt de organisaasje fan de tocht yn in brief oan de 250 dielnimmers.

Omdat de alvestêdetocht neat mei it buorkjen te krijen hat, mei der net op reade disel riden wurde mar op gewoane disel. Dit kin problemen jaan, omdat der oan it begjin fan de tocht miskien noch reade disel yn de tank sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)