Brânstofdieven pakt yn Marsum

29 apr 2014 - 10:00
  • Plysje

De plysje fertinkt twa manlju fan de stellerij fan brânstof yn Marsum. De twa waarden troch in foarbygonger sjoen, doe't se in rioelbuis fuortrôlen. De foarbygonger fûn dat fertocht en warskôge de plysje. Dy seach dat der brânstof oertankt waard út in fet op in boulokaasje yn in fet op in karke.

Letter kamen de twa manlju om it karke op te heljen. De twa, ynwenners fan Ljouwert en de gemeente Menameradiel, binne oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)