Brânstifting yn Snits

29 mrt 2009 - 16:03

De plysje ûndersiket in brânstifting yn in wenning oan it Wilgeroosje yn Snits. Yn de nacht fan sneon op snein waarden de bewenners wekker fan de reekmelder. Ien fan de bewenners gie op ûndersyk út en ûntduts dat der by de foardoar brân wie.

Mei help fan in tal amers wetter koe de brân útmakke wurde. De gong rûn wol flink wat reekskea op. De plysje stelt in ûndersyk yn. De 65-jierrige bewenner hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)