Brânstifting yn eigen wenning

18 feb 2007 - 15:00

De plysje hat sneintemoarn in ynwenner (36) fan Ljouwert oanhâlden foar brânstifting yn syn eigen wenning oan de Insulindestrjitte. De plysje moast by de brân, om goed fjouwer oere yn de nacht, assistearje om de buorlju út har huzen te heljen.

Goed twa oeren letter wie de brân ûnder kontrôle, mar it hûs fan de fertochte gie folslein ferlern. Troch it dwêsten rekken inkele hûzen deromhinne skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)