Brânstifting yn Bakkefean

20 sep 2009 - 14:01

De plysje hat sneontemiddei op de Klauwertswei yn Sigerswâld in 48-jierrige ynwenner fan Drachten oanholden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in berm oan de Duerswalmerwei yn Bakkefean yn 'e brân stutsen hat.

In tsjûge seach dat de man brân stifte en dêrnei op syn bromscooter fuortried. Troch rap yngripen koe de tsjûge de brân útmeitsje. Hy belle ek fuortdaliks 112. Troch it jaan fan in goed sinjalemint koe de fertochte oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)