Brânstifting by Woudagemaal

05 jun 2011 - 12:52

De plysje siket tsjûgen fan brânstifting by it Woudagemaal op 'e Lemmer. Dêr wie sneontejûn brân yn in stapel pallets dêr't hea en gers tusken stoppe wie. De warskôge brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle en koe sa foarkomme dat it fjoer oersloech nei it gemaal.

De plysje siket no minsken dy't wat witte fan de brânstifting. It Woudagemaal stiet sûnt 1998 op de Wrâlderfguodlist. Op dit stuit wurdt der in nij besikerssintrum by boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)