Brânstifting op It Hearrenfean

12 des 2005 - 21:47

De plysje hat sneintemoarn in 26-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan brânstifting. In tsjûge hie koart dêrfoar sjoen dat in man in krante tusken de muorre en de reinpiip fan in gebou oan de Dracht stutsen hie.

Dêrnei hie er de krante yn de brân stutsen. By in winkeldoar oan de Dracht wie ek noch in affisje yn 'e brân set. De fertochte is letter oanhâlden yn de J.P. Engelmanstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)