Brânstifters boatsje oanhâlden

28 jul 2011 - 14:28

Trije jonges fan 15, 16 en 18 jier út Lippenhuzen en De Gordyk binne oanhâlden op fertinking fan brânstifting op in boat. Op 7 juny waard in folslein útbaarnd wyt boatsje fûn oan de Kalkovens op 'e Gordyk.

Troch ferklearrings fan tsjûgen en anonime tips is de plysje de trije op it spoar kaam. Se hawwe ûnderwilens bekend. Ien fan harren soe spul hân hawwe mei de eigner fan de boat. It trijetal sil de skea betelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)