Brânstifter Warkum oanhâlden

07 aug 2006 - 17:14

De plysje hat mei de oanhâlding fan in man(53) út Warkum in tal brânstiftings oplost. De brannen wiene allegear om de Tademahof yn Warkum hinne. It giet om skutten, in fouwein, in túnhúske en in berging, dêr't brân makke wie. Undersyk wiisde út dat de 53-jierrige man der mooglik wat mei te krijen ha soe. Hy is ferline wike oanhâlden en bekende doe dat hy de dieder wie.

Hy seit dat er út persoanlike frustraasje hannele hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)