Brânstifter Snits langer fêst

29 apr 2009 - 16:26

De 42-jiere Snitser dy't fertocht wurdt fan brânstifting yn syn wenplak bliuwt noch 30 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdei besletten. De man hat bekend dat er trije kear brân stifte hat yn twa flats yn Snits. Dat barde ferline wike sneintenacht.

Guon bewenners moasten mei de ljedder fan it balkon helle wurde. Sân wenningen rekken ûnbewenber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)