Brânstifter oppakt yn Hylpen

15 maaie 2014 - 10:43

In 26-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân is woansdeitenacht oanhâlden foar brânstifting yn Hylpen. De man hie rúzje krigen mei Hylper (56) en stuts dêrby de auto fan de man yn brân. De auto stie op in parkearterrein fan in camping oan de Westerdyk.

De brânstifter sit noch fêst. De oarsaak fan de rúzje moat neffens de plysje socht wurde yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)