Brânstifter op Skylge oppakt

24 jan 2011 - 10:55

De plysje hat ôfrûne nacht in 46-jierrige man út Zutphen oanholden foar brânstifting op Skylge. By West-Skylge stie in ôffalkontener yn de brân. De fertochte stie derby. De man wie earder dy nacht in hotel útset omdat er him ferfelend gedroech.

De plysje hat him oppakt en meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er hast 70 fjoeroanstekkers en trije buskes gas by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)