Brânstichtingen yn Snits en Skearnegoutum oplost

25 nov 2015 - 13:47

Mei de oanhâlding fan in 36-jierrige Snitser hat de plysje nei alle gedachten in searje brânstichtingen yn Snits en Skearnegoutum oplost. De man bekent dat hy tolve kear konteners yn de brân stutsen hat. Dy stiene net allinnich oan de kant fan de dyk, mar ek tsjin huzen en hokjes oan. De brânwacht koe in pear kear mar krekt foarkomme dat it fjoer oersloech nei de wenning.

De plysje koe de man op 7 novimber yn de Looxmastrjitte yn Snits op 'e died trapearje. Under it ferhoar bekende hy noch mear brânstichtingen.

De Snitser sit noch fêst. Om't de plysje tinkt dat de man mooglik mear brannen op syn gewisse hat, wurdt tsjûgen frege om harren te melden. De skea by de dupearren rint yn de tsientûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)