Brânstichting yn kelder

19 sep 2012 - 06:13

De plysje ûndersiket in brân yn de kelder fan in appartemintekompleks oan it Johannes Kolfplein yn Ljouwert. Papier by in fyts waard tiisdeitejûn yn 'e brân stutsen. Dat soarge foar in soad reek yn it gebou. In tsjûge helle de fyts út de berging en brocht dizze nei bûten.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Om't der yn dizze buert de lêste tiid faker brân west hat, nimt de plysje de saak heech op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)