Brânstichting yn jeugdhonk Haulerwyk

28 okt 2015 - 13:03

Yn de jongereinkontener yn Haulerwyk hat yn de nacht fan moandei op tiisdei brân west. De plysje tinkt dat it oanstutsen is en docht ûndersyk. Yn 'e kontener is benammen skea oan in bankstel. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint. It is ûndúdlik wa't der ferantwurdlik is foar de brân, seit doarpsbelang. It soe fanút de jeugd sels wêze kinne, al is ek bekend dat omwennens muoite ha mei it jeugdhonk. Foardat de kontener der kaam wie der neffens doarpsbelang al in soad wjerstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)