Brânstichting yn biblioteek

02 okt 2007 - 09:55

De plysje hat twa jongeren oanhâlden, dy't besocht hawwe de biblioteek yn Burgum yn 'e brân te stekken. In getuge seach hoe't de twa moandeitejûn in baarnende krante yn de brievebus diene. Hy koe foarkomme dat der brân ûntstie troch de krante derút te heljen en it fjoer út te meitsjen.

De dieders koene op basis fan it sinjalemint oanhâlden wurde. It giet om in jonge fan 13 út Wolvegea en in famke fan 15 út Stiens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)