Brânstichting by pompstasjon

25 okt 2013 - 10:41

Twa jonges út Drachten fan 15 en 18 jier binne tongersdeitenacht oanhâlden foar brânstifting. It duo hie dy nachts op it terrein fan in tankstasjon benzine oer in fyts hinne getten en de fyts dêrnei yn 'e brân stutsen. Ien fan de fertochten rûn dêrby brânwûnen op.

In befeiligingsmeiwurker seach de brânstifting op bylden fan in bewakingskamera en warskôge de plysje. Dy koe de jonges letter oanhâlde. It duo sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)