Brânstichting by kafee

01 jun 2007 - 13:55

By kafee De Doelen oan de Breedeplaats yn Frjentsjer hat tongersdeitenacht brân west. Meubilêr dat tsjin de gevel fan it gebou stie, wie oanstutsen. De brânwacht fan Frjentsjer hat it fjoer útmakke. Utsein fan wat reek- en wetterskea hat it kafee gjin grutte skea oprûn. Earder dit jier waard op itselde plak ek al brân stifte. Doe gie in container ferlern. De plysje docht ûndersyk nei de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)