Brânstichter Snits oanhâlden

18 nov 2000 - 15:03

In 56-jierrige Snitser dy't ôfrûne tiisdei oanhâlden is op fertinking fan brânstichting hat bekend. Twa jier lyn wie der in grutte brân yn in winkel yn Snits. Twa minsken dy't boppe it pân wennen, binne doe troch de reek stikt.

De plysje krige yn juny dit jier nijsgjirrige tips dy't ta oanhâlding fan de dieder laat hawwe. Resjerzje ûndersiket de saak. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)