Brânprevinsje by studintefeest

11 aug 2014 - 16:34

De brânwacht yn Ljouwert sil yn de yntroduksjewike foar earstejiers studinten ein augustus mei spesjale aksjes omtinken freegje foar brânprevinsje yn studintekeamers. By de start op moandei 25 augustus is de brânwacht grut oanwêzich op in yntroduksjefeest dat hâlden wurdt op it Aldehoustertsjerkhôf.

Oan studinten wurde folders oer brânfeilichheid útdield. Yn in spesjale tinte kinne se sels ûnderfine hoe't it is om yn de reek in útgong te finen.

In pear hûndert nije NHL-studinten dogge de dagen dêrnei mei oan in projekt. Se moatte in aksje betinke dat derfoar soarget dat der faker reekmelders yn studintekeamers ophongen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)