Brânoefening Bloemkamp Boalsert

01 jun 2006 - 10:20

De brânwacht, plysje en helpferlieners ha tiisdei mei sa'n 65 man in brân-senario oefene yn ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert. Der wiene ûnder oare 4 tankauto's, in heechwurker, 2 ambulânses en in tinte om ferwûnen yn te behanneljen, in hiele operaasje.

De oefening koe moai yn in leechsteande part fan it ferpleechhûs dat sloopt wurde sil. Ien frijwilliger is nei it sikehûs brocht om't er swierrichheden hie mei it sykheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)