Brannen yn Drachten en Aldegea

08 aug 2014 - 15:43
  • Brânwacht

De brânwacht fan Drachten moast freedtemiddei oant twa kear ta yn aksje komme. By Brede Skoalle De Wiken yn Drachten stienen boarterstastellen op it skoalplein yn 'e brân.

Fuort dêrnei kaam in melding fan in brân yn Aldegea Smellingerlân. Dêr soarge in brân yn in bulte mei lânbouplestik oan de Goudsjepoel foar in soad reek. Hjirfoar waard ek de brânwacht fan Burgum oproppen om mei te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)