'Brannen binne oanstutsen'

18 des 2006 - 10:31

De brannen dit wykein yn Wikel en Sondel binne sa goed as wis oanstutsen. Dêr is foarsitter Trinks fan Doarpsbelang Sondel fan oertsjûge. Sneontenacht stiene twa pleatsen op in pear hûndert meter fan inoar yn 'e brân. Ien gie folslein ferlern.

Neffens Trinks binne der dit jier yn de wykeinen folle faker saken yn 'e brân stutsen. De plysje befêstiget dat der fernielings west ha yn de omkriten en ek in pear brantsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)