Brânlucht troch peaskefjoeren

12 apr 2009 - 15:18
  • Yn Elsloo wurdt ek altyd in peaskefjoer holden

Fryslân hat sneintemoarn op ferskate plakken lêst hân fan reek en brânlucht. Dat komt neffens in wurdfierder fan de plysje troch peaskefjoeren dy't sneon yn it eardere East-Dútslân baarnd ha.

De reek waard troch de eastewyn meifierd en bleau as in soart mist hingjen yn Fryslân. Ferline jier is dat neffens de plysje ek bard. Nei alle gedachten is de oerlêst noch net hielendal oer, omdat der yn Fryslân sels ek peaskefjoeren holden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)