Brânkotter nei Skylge sleept

04 jan 2010 - 14:06
  • De UK143

De Urker kotter dy't brân hie yn de masinekeamer wurdt nei Skylge brocht. Besocht wurdt de netten wer oan board te krijen. Dat is dreech omdat de masinery dêr't dat mei bart, gjin stroom hat. Moandeitemoarn bruts brân út oan board fan 'e UK143. De helptsjinsten rukten grut út, mar de fiskerslju hawwe sels de brân útmeitsje kinnen. Twa bemanningsleden binne troch in helikopter fan board helle. Gjinien rekke ferwûne. It skip leit 70 km benoarden Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)