Brânkontrôle natuergebieten

19 maaie 2004 - 00:00

De natuergebieten yn Fryslân wurde de kommende dagen kontrolearre yn ferbân mei brângefaar. Om't it droech is, is it risiko op brân grut. Dit wykein wurde der in soad toeristen ferwachte yn de natuergebieten en dy litte woris in sigarettepeukje falle.

Meiwurkers fan ûnder oare Natuermonuminten sille dêrom in eachje yn it seil hâlde. Dat dogge se op bygelyks Skiermûntseach en yn it Fochteloërfean by Easterwâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)