Brângefaar troch droechte

09 maaie 2006 - 10:29

Yn de bosken by Beetstersweach en Bakkefean binne moandei buorden delset om te wizen op brângefaar. Troch it sinneskynwaar fan de lêste dagen yn kombinaasje mei de hurde wyn is de natuer hiel droech wurden. By Uddel op de Veluwe is al 100 bunder bosk ferlern gien.

Yn de bosken yn Opsterlân jildt no in offisjeel smook- en stookferbod. Besikers fan de natuergebieten wurde ekstra yn de gaten hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)