Brânfertochte foarearst frij

02 nov 2007 - 11:06
  • Foar eardere brannen yn desimber waard de fertochte frijlitten fanwege te min bewiis

In 20-jierrige fertochte út Sondel fan brânstichting yn in wenhûs yn Wikel is wer frijlitten. Hy siet foarriedich fêst. It gerjochtshôf yn Ljouwert sjocht gjin reden de man noch langer fêst te hâlden. It Iepenbier Ministearje set it strafrjochtlik ûndersyk tsjin de man wol troch.

De fertochte waard begjin septimber oppakt. Yn febrewaris is er ek alris oanhâlden, mar doe wer frijlitten fanwege te min bewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)