Brânfertochte foarearst frij

20 feb 2007 - 16:43
  • De pleats yn Sondel baarnde hast alhiel ôf

De man út Sondel (20) dy't fertocht wurdt fan brânstichting is tiisdei frijlitten. Hy is net fertochte-ôf, mar justysje fynt it net nedich him noch langer fêst te hâlden. Sûnt de arrestaasje op 9 febrewaris hat de man fêstsitten fanwege it ûndersyk.

De twa brannen wiene yn de nacht fan 16 op 17 desimber yn Wikel en Sondel. De pleats yn Sondel baarnde foar it grutste diel ôf, dy yn Wikel hie grutte skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)