Brânfertochte is ferbjustere

16 sep 2014 - 11:13
  • Bylden fan it begjin fan de brân op de Kelders

De 39-jierrige fertochte fan de brân oan De Kelders ferline jier wie ferbjustere dat de klean yn syn winkel sa gau ta in grutte brân liede koenen. Dat liet er tiisdei witte yn de rjochtbank. Om 9.30 oere begong de rjochtsaak tsjin de man út Drachten. Oan it begjin fan de sitting kondolearre de fertochte de famylje fan it 24-jierrige slachtoffer en sei dat er spyt hat. De man ferklearre dat er op de dei fan brân ynienen in sissend lûd hearde. Hy tocht dat it de kachel wie en besocht de gaskraan ticht te draaien. Doe ûntstie de brân.

'Ik weet dat kleren kunnen branden, maar dat het zo snel zou gaan wist ik niet', sa sei de fertochte tsjin de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)