Brânfeiligens Kelders net goed

02 jul 2014 - 15:00
  • Parsekonferinsje brân de Kelders
  • Twa fan de útbaarnde gebouwen binne der min oan ta

De gebouwen oan De Kelders yn Ljouwert dêr't ôfrûne oktober de grutte brân wie, foldienen net oan basale brânfeiligenseasken. Dêrtroch koe it fjoer him folle flugger ferspriede. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ynspeksje fan feiligens en justysje.

Dy ynspeksje skriuwt dat de brânwacht goed hannele hat. De ynspeksje docht trije oanbefellings: eigeners moatte soargje dat har gebouwen brânfeilich binne, gemeente moat mear foarljochting jaan en dêr aktiver op tasjen. Ek moat de brânfeiligens by alle besteande gebouwen ynventarisearre wurde.

De grutte brân ûntstie yn oktober yn in kleanwinkel oan De Kelders yn Ljouwert. De oarsaak is in gaskachel dy't net goed oansluten wie. It Iepenbier Ministearje hâldt in 39-jierrige meiwurker fan de winkel dêr foar ferantwurdlik. Hy wurdt strafrjochtlik ferfolge, sa makke it IM woansdei bekend. By de brân kaam in 24-jierrige studint om it libben.

It Iepenbier Ministearje sil it rapport bestudearje en besjen oft de gemeente en eigeners wat te ferwiten falt.

De parsekonferinsje oer it ûndersyk is fan 15.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op televyzje.

Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)