Brânen oanstutsen yn Fryslân

20 apr 2003 - 00:00

Sneon hat der brân west yn natuergebiet de Easterskar yn Sint Jânsgea. De brânwacht hie de brân nei in oere ûnder kontrôle. In gebiet sa grut as in heal fuotbalfjild is ôfbrând. De plysje tinkt dat de brân oanstutsen is.

Yn Finkegea is sneintemoarn yllegaal in peaskefjoer oanstutsen. Fanwege de droechte wie gjin fergunning jûn foar it fjoer. Unbekenden hawwe lykwols snoei-ôffal oanstutsen. Nei twa oeren hie de brânwacht it fjoer dwêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)