Brander pakt provinsje oan

29 nov 2002 - 00:00

Eks-Westerbaandirekteur Jouke Brander tinkt der oer om fia syn nije BV's de provinsje foar de rjochter te slepen. It no fallite Westerbaan boude tydlike húsfesting foar de provinsje; it projekt Terberg. Brander wol dy bou ôfmeitsje mei twa nije BV's en hat dêrfoar 50 meiwurkers meinommen.

De provinsje sette Westerbaan oan de kant, mar neffens advokaat Westers fan Brander kin dat net. De kâns dat it in rjochtsaak wurdt is grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)