Brandenburg wint fan Rau

26 des 2005 - 15:24

Yn 'e twadde ronde fan it Harmonie skaaktoernoai yn Grins wist it Fryske skaaktalint Daan Brandenburg sneon te winnen fan 'e Dútser Hannes Rau. Brandenburg krige it net kado. It wie in drege partij, mar nei mear as fjouwer oeren stinnen luts Brandenburg oan de langste ein.

Sipke Ernst focht in bysûnder spannende partij út mei Joost Michielsen. Troch ivich skaak te spyljen wist Ernst Michielsen op remise te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)