Brandenburg wint fan Ernst

04 des 2004 - 09:37

Daan Brandenburg hat tongersdeitejûn de earste party fan 'e skaaktwakamp tsjin Sipke Ernst wûn. De twa Fryske skakers spylje dizze dagen tsjin inoar foar ien plak op it Nederlânsk Kampioenskip fan 2005. De winst fan Brandenburg (17) op Ernst is ferrassend. Ernst rint al wat jierren mei en is ien fan 'e treners fan 'e noardlike seleksje.

Brandenburg spile mei swart en wist de partij yn 23 setten te winnen. Freed is de twadde partij fan 'e twakamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)