Brandenburg ferliest skaakpartij

14 nov 2004 - 12:38

It 16-jierrige skaaktalint Daan Brandenburg út Langsweagen hat sneon syn lêste partij op it Jeugd-WK ferlern. Hy kaam út tsjin de Amerikaanske Joshua Friedel.

Dêrmei kaam er op seis punten út alve wedstriden, goed foar in klassearring krekt boppe de middenmoat. Brandenburg spile by it WK op Kreta yn de groep oant 18 jier. Hy hie in pear dagen lyn noch kâns op in plak by de earste tsien. Takom jier docht er wer mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)