Brandaris op needferljochting

13 jan 2009 - 17:09

De fjoertoer fan Skylge baarnt op needferljochting. Sneintejûn gie de ferljochting fan de Brandaris stikken, dêrnei is de needferljochting ynskeakele. Dy sjocht der itselde út as de gewoane lampen fan de Brandaris, mar draait net rûn.

De lampe moat nije wike wer makke wêze. Ek oan it draaimeganisme skeelt wat. De oandriuwas is foar reparaasje nei de wâl brocht. De skipfeart is warskôge foar de feroaring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)