Brandaris ôfset fanwege fallende iispylken

07 jan 2016 - 12:09
  • De Brandaris is ôfsetten
  • Linten om de Brandaris hinne

Fan de antennes fan de Brandaris op Skylge falle iispylken nei ûnderen. Omdat dat foar gefaarlike situaasjes soarget, is de omjouwing fan de fjoertoer ôfset mei read-wite linten en stekken. Sa wurdt it publyk op feilige ôfstân hâlden.

De iispylken falle fan in hichte fan 55 meter nei ûnderen. Ferkearslieder Tom Burrie fan de Brandaris sjocht dat der út en troch ek iispylken op dakken fan huzen falle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)